FNP Súdwest-Fryslân

Routebeschrijving Website

FNP Súdwest-Fryslân In partij foar minsken yn de regio. Sa is de FNP yn 1962 úteinset. De FNP komt op foar de minsklike maat.

Mei in Fryske Oanpak: foar fertrouwen, lokaal gearwurkje en troch nije paden doare yn te slaan.

🟡 Bolletongersdei 2026 diel 2.🟡 Farske FNP middeisploech by ús FNP diske tsjinoer DeTiid yn it sintrum fan Boalsert.  👉 ...
01/10/2026

🟡 Bolletongersdei 2026 diel 2.
🟡 Farske FNP middeisploech by ús FNP diske tsjinoer DeTiid yn it sintrum fan Boalsert. 👉 WOLKOM!

🟡 Bolletongersdei 2026  🟡 Gesellich en lekker drok by ús FNP diske tsjinoer DeTiid yn it sintrum fan Boalsert.  👉 WOLKOM...
01/10/2026

🟡 Bolletongersdei 2026
🟡 Gesellich en lekker drok by ús FNP diske tsjinoer DeTiid yn it sintrum fan Boalsert. 👉 WOLKOM!

🥳 41 nije apparteminten en in hûsarts. Einliks útsicht op in nije ynfolling fan it âlde gemeentehûs.De FNP is wiis mei d...
17/09/2026

🥳 41 nije apparteminten en in hûsarts. Einliks útsicht op in nije ynfolling fan it âlde gemeentehûs.

De FNP is wiis mei de nije ynfulling fan it âlde gemeentehûs oan de entree fan Drylts. It gebou stiet der al jierren suterich by en is in magneet foar fandalisme.

Wenje wêr we wenje wolle, mei soarch tichtby. Mei nije wenningbou en soarchfunksjes op dizze lokaasje kinne we hjir in plak fan meitsje dêr’t Drylts wer grutsk op wêze kin.

IJLST - Het voormalige gemeentehuis van IJlst krijgt een nieuwe toekomst. Friso Bouwgroep gaat het leegstaande pand ontwikkelen tot 41 appartementen en ruimte voor een huisartsenpraktijk.

Hjoed wie de FNP yn Hylpen om symboalysk it keunstwurk fan de Krachtwacht Elfstedentocht fan Dolle Mina Fryslân yn ûntfa...
06/09/2026

Hjoed wie de FNP yn Hylpen om symboalysk it keunstwurk fan de Krachtwacht Elfstedentocht fan Dolle Mina Fryslân yn ûntfangst te nimmen.

Mei de Krachtwacht freegje de Dolle Mina’s omtinken foar de feiligens fan froulju yn de iepenbiere romte en foar gelikense rjochten foar elkenien.

Feilich wêze yn de iepenbiere romte soe foar elkenien normaal wêze moatte. Spitigernôch is dat noch altyd net sa

🔌 De kabelgoattegel is der!Yn 2022 stelde de FNP fragen oer de mooglikheid om mei eigen stroom de elektryske auto foar h...
28/08/2026

🔌 De kabelgoattegel is der!

Yn 2022 stelde de FNP fragen oer de mooglikheid om mei eigen stroom de elektryske auto foar hûs op te laden, nei oanlieding fan in fraach fan in ynwenner. In kabel los oer de stoep is fansels gjin oplossing. Dêrom pleiten wy foar de kabelgoattegel.

No, fjouwer jier letter, is dy der einlings yn Súdwest-Fryslân. Moai dat in idee fan in ynwenner no ek echt beskikber is foar al ús ynwenners. ⚡️🚗

SNEEK – Inwoners van Súdwest-Fryslân die hun elektrische auto thuis willen opladen, maar geen eigen parkeerplaats hebben, kunnen voortaan een kabelgoot aanvragen bij de gemeente.

FNP iepenet nij polityk seizoen yn Hartwert De fraksje en it bestjoer fan de FNP- Súdwest-Fryslân hawwe sneon 15 augustu...
16/08/2026

FNP iepenet nij polityk seizoen yn Hartwert

De fraksje en it bestjoer fan de FNP- Súdwest-Fryslân hawwe sneon 15 augustus mei-inoar it nije politike seizoen iepene yn Hartwert.
De sportive gearkomste stie yn it teken fan in mienskiplike blik op it wurk dat takom jier foar ús leit.

De dei begûn mei in keatsclinic. Under begelieding fan Auke Bloemhof kamen we yn ‘e kunde mei de technyk, spulregels en dynamyk fan de Fryske folkssport.

Dêrnei folge in kursus Frysk damjen troch Taeke Kooistra. Dêrby draaide it om taktyk en konsintraasje. Wy hawwe genoaten fan dizze twa echte fryske sporten.

De ôfslutende barbecue bea gelegenheid om ynformeel mei-inoar yn petear te gean. Fraksje en bestjoer wikselen ideeën út, besprutsen aktuele ûnderwerpen en seagen foarút nei de politike aginda fan de kommende perioade.

Utrêsten nei de fakânsje en mei in geweldige dei giet de FNP- Súdwest-Fryslân it nije politike jier yn.

Wy bliuwe ús ynsetten foar in sterk, leefber en fearkrêftich Súdwest-Fryslân, mei oandacht foar elkenien yn ús gemeente.

Op nei in nij polityk jier!

FNP krijt dúdlikens oer Houkesleatakwadukt (Snits)🚜Yn de Ljouwerter Krante waard earder skreaun dat lânbouferkear fanweg...
30/07/2026

FNP krijt dúdlikens oer Houkesleatakwadukt (Snits)🚜

Yn de Ljouwerter Krante waard earder skreaun dat lânbouferkear fanwege de ferkearsfeiligens net troch it Houkesleatakwadukt ride kinne soe. Dat rôp by de FNP fragen op.

Dêrom hawwe wy technyske fragen steld oan de amtlike organisaasje. Dêrút docht bliken dat de wethâlder yn it kranteartikel net folslein ynformearre wie. Hy hat dêrfoar syn ekskús oanbean.

Ek wurdt dúdlik dat lânbouferkear al sûnt it ferkearsbeslút fan 2014 tastien is yn it Houkesleatakwadukt. Itselde jildt foar de oare akwadukten yn ús gemeente.

Foar de FNP is dit in wichtige opheldering. Goede besluten begjinne by juste ynformaasje. No’t dêr dúdlikens oer is, kinne wy mei-inoar petear fiere oer de takomst fan de Nije Singel en de berikberens foar ús agraryske sektor.

FNP amendemint unanym oannommen! De gemeenteried en kolleezje fan Súdwest-Fryslân hawwe it amendemint fan de FNP op de P...
05/07/2026

FNP amendemint unanym oannommen!
De gemeenteried en kolleezje fan Súdwest-Fryslân hawwe it amendemint fan de FNP op de Participatieverordening oannommen. Mei dizze oanpassing wurdt ynwennerspartisipaasje noch lykweardiger, ynklusiver en transparanter.

It amendemint soarget derfoar dat:
• Bestjoersorganen eksplisyt motivearje hokker doelgroepen troch nij belied rekke wurde en hoe’t dy belutsen wurde yn it partisipaasjeproses.
• Der altyd neitocht wurdt oer in evenwichtige fertsjintwurdiging fan relevante groepen — bern, jongerein, folwoeksenen én âlderen — as it belied harren rekket.
• Der gjin ferplichting komt om altyd alle leeftydsgroepen te belûken, mar wol om dêr in bewuste, motivearre ôfweging yn te meitsjen.
Dit helpt om by elk trajekt in sa breed mooglik byld fan ús mienskip te krijen en soarget foar bettere, mear draachflakrike besluten.
In moaie stap foarút foar ynklusyf belied yn Súdwest-Fryslân. 🌿

Moai om te sjen! 👏By de Albert Heijn Stadsfenne yn Snits hingje de ôfdielingsbuorden twatalich.FNP Súdwest-Fryslân makke...
30/06/2026

Moai om te sjen! 👏

By de Albert Heijn Stadsfenne yn Snits hingje de ôfdielingsbuorden twatalich.

FNP Súdwest-Fryslân makket him al jierren sterk foar mear sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte fan ús gemeente. Dêrom is it moai om te sjen dat ek it bedriuwslibben it belang fan ús taal ynsjocht en dêr in bydrage oan leveret. Dat fertsjinnet in komplimint! 👏

It Frysk heart by ús identiteit. Hoe faker wy ús taal tsjinkomme yn it deistich libben, hoe gewoaner en sterker dy wurdt. Krekt sa hâlde wy it Frysk libben.

Hylpen, it moai stea fan FryslaandFNP op besite yn HylpenOp sneon 20 juny hiene wy in prachtich ledereiske nei Hylpen. F...
20/06/2026

Hylpen, it moai stea fan Fryslaand

FNP op besite yn Hylpen

Op sneon 20 juny hiene wy in prachtich ledereiske nei Hylpen. Foarsitter Jaap Kruis en Immie Eekma ferwolkommen de leden fan de FNP yn tradisjonele Hylper klaaiïng en namen ús mei troch de stêd.

🏘️ Koarte rûnlieding

Immie fertelde oer Ame Gijs, Jaap oer it Likhús en Slot Hylpen. In moaie blik yn it libben fan de âlde seefeart.

🎨 Hylpen hjoed-de-dei

De stêd stiet bekend om syn âlde Hylper taal (Hylpers), skilderkeunst, wettersport en eigen kleandracht. De Hylper taal mei syn midsiuwske klinkers jout de stêd in unike klank en identiteit.

🏛️ Museum Hindeloopen

Yn it museum, yn 2024 opnij iepene troch keninginne Máxima, fertelt Jaap oer de skiednis fan de Hylper seefeart.

Adres

Gauw

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer FNP Súdwest-Fryslân nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Snelkoppelingen

Delen

Categorie