23/10/2026
GEWELDICH NIJS! Mei 18 nije ynskriuwings en 16 ‘oanskowers’ (minor, Firda en Afûk) hawwe de learare-opliedings fan NHL Stenden dit stúdzjejier in rekôroantal studinten dy’t kieze foar it fak Frysk. It is de heechste ynstream yn jierren en in dúdlik sinjaal dat de belangstelling foar it Frysk yn it ûnderwiis groeit. It is mear as in ferdûbeling fan it tal ynskriuwingen yn ferliking mei oare jierren.
Neffens Babs Gezelle Meerburg fan NHL Stenden ûnderstreket de groeiende ynstream de bewustwurding fan it belang fan goed oplate dosinten Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis, mar ek op mbû en yn it folwoeksene-ûnderwiis.
“De fraach nei dosinten Fryske taal en kultuer is grut, omdat Provinsje Fryslân mei Taalplan Frysk 2030 belied fiert op in trochgeande learline Frysk, fan ‘pjut oant grut’. De skoallen begjinne te fernimmen dat it ferlet fan dosinten Frysk grutter wurdt. In part fan it sukses is ek te ferklearjen út de marketingkampanje Jou Frysk foar de werving fan dosinten Frysk.”
De nije studinten hawwe ferskate achtergrûnen. Guon komme krekt fan havo of mbû, oaren wurkje al jierren as dosint yn in oar fak yn it fuortset ûnderwiis of mbû. Dat ferskaat bringt nije enerzjy en perspektiven nei de learare-oplieding Frysk.
Mei it rekôroantal ynskriuwings fersterket NHL Stenden de posysje as ít opliedingsplak foar takomstige dosinten Frysk. De oplieding wurket nau gear mei skoallen, taalorganisaasjes en oare partners yn Fryslân om de kwaliteit en sichtberens fan it skoalfak Frysk fierder te fergrutsjen.
Op ‘e nij topoplieding
Njonken it rekôroantal ynskriuwings is der noch mear te fieren by de learare-oplieding Frysk. De stúdzje, sawol de foltiid- as de dieltiidfariant, is ek yn de Keuzegids hbo 2027 útroppen ta ’topoplieding’. Dat hâldt yn dat de oplieding, lykas yn 2026, by de bêste fan it lân heart. Oardielen fan de eigen studinten binne foar de Keuzegids de wichtichste boarne.