FNP De Fryske Marren

Routebeschrijving Website

FNP De Fryske Marren FNP De Fryske Marren

De FNP-fraksje hie op útnûging fan LTO-Noord woansdei in nijsgjirrige en ynspirearjende wurkbesite oan it moderne boereb...
30/10/2026

De FNP-fraksje hie op útnûging fan LTO-Noord woansdei in nijsgjirrige en ynspirearjende wurkbesite oan it moderne boerebedriuw fan Marije Reijenga en Willem Bauke Sieperda yn Harich.

LTO-foarsitter Kees Boon fertelde yn syn presintaasje wat der spilet yn de lânbou. Dêrnei krigen wy fia in prachtige rûnlieding oer it bedriuw in moai byld fan nije techniken en fernijingen op de pleats. Sa wurdt ûnder oaren it farske gers automatysk meand en fuorre.

Jan Volbeda en Jeltsje Piersma fûnen it in nijsgjirrige besite, in moaie blik op de ûntwikkelingen en útdagings yn de moderne lânbou.

Ofrûne wike binne ús riedsleden Jan Volbeda, Jeltsje Piersma en Pytsje Boersma op wurkbesite west yn Diken (loonbedrijf ...
25/10/2026

Ofrûne wike binne ús riedsleden Jan Volbeda, Jeltsje Piersma en Pytsje Boersma op wurkbesite west yn Diken (loonbedrijf De Jong) en yn Langwar (Eetcafe De Drie Zwaantjes Langweer ).
Twa totaal ferskillende bedriuwen mei harren eigen kânsen en bedriigings. Oerienkomsten binne der ek: de bedriuwen binne djip woartele yn ‘e lokale mienskip en as it oan ‘e entûsjaste eigners leit bliuwt dat ek noch jierren sa.

Û𝕟𝕕𝕖𝕣𝕟𝕚𝕞𝕞𝕖𝕣𝕤 𝕖𝕟 𝕡𝕠𝕝𝕚𝕥𝕪𝕜 𝕥𝕚𝕔𝕙𝕥(𝕖𝕣) 𝕓𝕪 𝕖𝕝𝕜𝕠𝕒𝕣Juster wienen ús riedsleden Pytsje Boersma, Jan Volbeda en Jochum Meester oan...
21/10/2026

Û𝕟𝕕𝕖𝕣𝕟𝕚𝕞𝕞𝕖𝕣𝕤 𝕖𝕟 𝕡𝕠𝕝𝕚𝕥𝕪𝕜 𝕥𝕚𝕔𝕙𝕥(𝕖𝕣) 𝕓𝕪 𝕖𝕝𝕜𝕠𝕒𝕣

Juster wienen ús riedsleden Pytsje Boersma, Jan Volbeda en Jochum Meester oanwêzich by Westra Roestvaststaal BV yn Ealahuzen. In bysûnder famyljebedriuw mei in skiednis fan mear as 100 jier. Moai om te sjen wat dêr foar moais makke wurdt.
De útnoeging kaam fanút de ûndernimmersferienings OVS Skarsterlân, Undernimmersnetwurk Gaasterlân eo en de VVBL Vereniging van Bedrijven Lemmer eo dy't mei de nije gemeenteried fan Gemeente De Fryske Marren yn kontakt komme wol.
Tank oan de bestjoeren fan de ûndernimmersferienings foar de útnoeging en de noflike jûn, oan de gemeente foar harren meiwurking en oan Westra Roestvaststaal foar de gastfrijheid.

Justerjûn wie ús riedslid Pytsje Boersma yn Sint Nyk by de ynformaasjegearkomste oer Doniawoude. Oan de noardkant fan Si...
23/09/2026

Justerjûn wie ús riedslid Pytsje Boersma yn Sint Nyk by de ynformaasjegearkomste oer Doniawoude. Oan de noardkant fan Sint Nyk wurdt ûndersocht of der in nije wenwyk mei ûngefear 120 wenningen en 32 soarchapparteminten komme kin.
Ûntwikkelers BPD Bouwfonds Gebiedsontwikkeling en Aannemingsbedrijf Kuin ûndersykje tegearre mei soarchynstelling Stichting Maeykehiem of wenjen en soarch op dizze lokaasje yn gearhing ûntwikkele wurde kin.
De Gemeente De Fryske Marren hat posityf besletten op it prinsipefersyk om de mooglikheden te ûndersykjen. Dêrmei is der noch net in definityf bouplan. Tiidens it helberensûndersyk wurdt sjoên nei de mooglike ynrjocting fan it gebied.
Ûnder oare ús wethâlder Chris van Hes hat in taljochting jûn op de plannen. Nei de presintaasje koene omwenjenden, doarpsbewenners en oare belangstellenden yn petear mei de inisjatyfnimmers.

Ôfrûne moandei wie Pytsje Boersma út namme fan FNP De Fryske Marren op ’e Lemmer by de presintaasje fan Waterfront Lemme...
09/09/2026

Ôfrûne moandei wie Pytsje Boersma út namme fan FNP De Fryske Marren op ’e Lemmer by de presintaasje fan Waterfront Lemmer.

Der waarden trije mooglike takomstbylden foar it gebiet presintearre. Ynwenners en oare belanghawwenden koene harren miening oer dizze plannen jaan. De ynbring wurdt meinommen yn it fierdere proses.

✨ In bysûndere jûn foar in trijetal FNP'ers!Jûn is it nije kolleezje fan Gemeente De Fryske Marren beneamd. Wy binne gru...
29/06/2026

✨ In bysûndere jûn foar in trijetal FNP'ers!

Jûn is it nije kolleezje fan Gemeente De Fryske Marren beneamd. Wy binne grutsk dat Chris van Hes en Remboud van Iddekinge de kommende fjouwer jier wer as wethâlders foar de FNP oan 'e slach geane.

Troch de ynstallaasje fan Chris kaam der in plak frij yn 'e gemeenteried. Wy binne dêrom ek tige bliid dat Jeltsje Piersma op 'e nij ynstallearre is as riedslid.

Dêrneist is it nije koälysjeakkoard "Mei-inoar op koers" presintearre. Dit akkoard is ûnder lieding fan Sjoerd Groenhof en Harry van der Molen ta stân kaam. Tank oan ús eigen fertsjintwurdigers en dy fan CDA en PRO, en fansels ek de amtlike stipe. Hertlik tank foar de noflike en konstruktive gearwurking.

Wy sjogge mei betrouwen út nei de kommende fjouwer jier. 💪

📸 Foto 1: de 5 beneamde wethâlders mei yn it midden Remboud van Iddekinge en rjochts Chris van Hes.
📸 Foto 2: Jeltsje Piersma (2e fan links) by har ynstallaasje as riedslid.

𝗥𝗼𝗺𝗺𝗲𝗿𝗲 𝘁𝗮𝗴𝗼𝗻𝗴𝘀𝘁𝗶𝗱𝗲𝗻 𝘁𝗶𝗶𝗱𝗲𝗻𝘀 𝗶𝘁 𝗪𝗞 𝗳𝘂𝗼𝘁𝗯𝗮𝗹 𝗳𝗼𝗮𝗿 𝗱𝗲 𝗵𝗼𝗿𝗲𝗸𝗮! ⚽️ Juster is der op inisjatyf fan de FNP en mei meiwurkjen fa...
23/04/2026

𝗥𝗼𝗺𝗺𝗲𝗿𝗲 𝘁𝗮𝗴𝗼𝗻𝗴𝘀𝘁𝗶𝗱𝗲𝗻 𝘁𝗶𝗶𝗱𝗲𝗻𝘀 𝗶𝘁 𝗪𝗞 𝗳𝘂𝗼𝘁𝗯𝗮𝗹 𝗳𝗼𝗮𝗿 𝗱𝗲 𝗵𝗼𝗿𝗲𝗸𝗮!

⚽️ Juster is der op inisjatyf fan de FNP en mei meiwurkjen fan in tal oare partijen in moasje yntsjinne om derfoar te soargjen dat de hoareka-tagongstiden tiidens it WK fuotbal ferromme wurde kinne. It WK fynt plak yn Amearika, Kanada en Meksiko. Hjirtroch binne der in soad nachtlike wedstriden.

De moasje waard unanym troch de Ried oannaam. Mei dizze moasje soargje wy derfoar dat it kolleezje aktyf de mooglikheden besjocht om wat mear romte te bieden oan hoareka-ûndernimmers dy't de wedstriden oanbiede wolle oan harren gasten. Hartstikke moai!

🇳🇱 Gister is er op initiatief van de FNP en met medewerkering van een aantal andere partijen een motie ingediend om ervoor te zorgen dat de horeca-toegangstijden tijdens het WK voetbal verruimd kunnen worden. Het WK vindt plaats in Amerika, Canada en Mexico. Hierdoor zijn er veel nachtelijke wedstrijden.

De motie werd unaniem door de Raad aangenomen. Met deze motie zorgen we ervoor dat het college actief de mogelijkheden bekijkt om wat meer ruimte te bieden aan horecaondernemers die de wedstrijden willen aanbieden aan hun gasten. Hartstikke mooi!

𝗡𝗶𝗷𝗲 𝗿𝗶𝗲𝗱 𝗳𝗮𝗻 𝘀𝘁𝗮𝗿𝘁 🥳Wêr’t tiisdei noch ôfskie nommen waard fan de âlde ried, is juster de nije gemeenteried ynstallearr...
02/04/2026

𝗡𝗶𝗷𝗲 𝗿𝗶𝗲𝗱 𝗳𝗮𝗻 𝘀𝘁𝗮𝗿𝘁 🥳

Wêr’t tiisdei noch ôfskie nommen waard fan de âlde ried, is juster de nije gemeenteried ynstallearre. In nij begjin mei fertroude én nije gesichten.

De betûfte Chris, Gerda, Jan, Jelmer en Jochum wurde de kommende perioade fersterke troch Sandra en Pytsje, dy’t dizze perioade nij yn de ried komme.

Wy winskje elkenien in soad súkses en wiisheid ta yn it wurk foar ús mienskip! ❤️

🇳🇱 Waar dinsdag nog afscheid werd genomen van de oude raad, is gisteren de nieuwe gemeenteraad geïnstalleerd. Een nieuw begin met vertrouwde én nieuwe gezichten.

De ervaren Chris, Gerda, Jan, Jelmer en Jochum worden de komende periode versterkt door Sandra en Pytsje, die deze periode nieuw in de raad komen.

Wij wensen iedereen veel succes en wijsheid in het werk voor onze gemeenschap! ❤️

Hjoed is ôfskie nommen fan de hjoeddeiske gemeenteried fan De Fryske Marren. In momint fan refleksje én tankberens. 🙏🏻In...
31/03/2026

Hjoed is ôfskie nommen fan de hjoeddeiske gemeenteried fan De Fryske Marren. In momint fan refleksje én tankberens. 🙏🏻

In spesjaal wurd fan tank giet út nei de riedsleden dy’t harren ynset no ôfslute:
Wouter Wouda (sûnt 2022), Wiebe Hoekstra (sûnt 2002) en Jeltsje Piersma (sûnt 2002).

In bysûnder momint foar Jeltsje, dy’t foar har jierrenlange ynset ûnderskieden is as lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. In prachtige en fertsjinne erkenning. 🧡

Grutskens en tank oan elkenien foar de ynset, tiid en tawijing oan ús mienskip! ❤️

🇳🇱 Vandaag is afscheid genomen van de huidige gemeenteraad van De Fryske Marren. Een moment van reflectie én dankbaarheid. 🙏🏻

Een speciaal woord van dank aan de raadsleden die hun inzet nu afsluiten:
Wouter Wouda (sinds 2022), Wiebe Hoekstra (sinds 2002) en Jeltsje Piersma (sinds 2002).

Een bijzonder moment voor Jeltsje, die voor haar jarenlange inzet is onderscheiden als lid in de Orde van Oranje-Nassau. Een prachtige en welverdiende erkenning. 🧡

Trots en dank aan iedereen voor de inzet, tijd en betrokkenheid! ❤️

Adres

Herema State 1
Joure
8501AA

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer FNP De Fryske Marren nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Snelkoppelingen

Delen

Categorie

Overheidsdiensten in de buurt


Andere Politieke partij in Joure

Alles Zien