FNP Dantumadiel

  • Home
  • FNP Dantumadiel
Directions Website

FNP Dantumadiel Thús yn Dantumadiel! Wenje wêr't wy wenje wolle!

🚀 In nije perioade, in krêftich team foar de FNP! 🚀​In prachtige jûn yn de Riedssaal fan Dantumadiel, dêr't ús nije FNP-...
24/06/2026

🚀 In nije perioade, in krêftich team foar de FNP! 🚀

​In prachtige jûn yn de Riedssaal fan Dantumadiel, dêr't ús nije FNP-ploech offisjeel beëidige is!

Wy geane fol energie de nije perioade yn. ✨

​Jimme sille dizze trije gesichten de kommende tiid tsjinkomme:

​Tieme Heeringa – Wethâlder 💼

In histoarysk momint foar ús gemeente: Tieme is ynstallearre as de jongste wethâlder fan Nederlân! In geweldige mylpeal en in prachtige kâns foar nij ferve yn it kolleezje. F***e súkses en wiisheid tawinske Tieme!

​Durk Holwerda – Riedslid 🏛️

Mei Durk kriget ús fraksje der in motivearre en belutsen riedslid by. Klear om it FNP-lûd krêftich hearre te litten yn de riedsseal!

​Wypkje Dijk – Steunfraksjelid 🤝

Efter in sterke fraksje stiet in sterk team. Wy binne hiel wiis mei de fersterking fan Wypkje, dy't as nij steunfraksjelid ús hielendal kompleet makket.

​Wy hawwe der omraak sin oan! 💙❤️🤍

Grut nijs yn Dantumadiel én hiel Nederlân! 💙❤️​Us eigen Tieme Heeringa (20) is offisjeel de jongste wethâlder út de Nede...
18/05/2026

Grut nijs yn Dantumadiel én hiel Nederlân! 💙❤️

​Us eigen Tieme Heeringa (20) is offisjeel de jongste wethâlder út de Nederlânske skiednis! Wylst in soad leeftydsgenoaten yn de sûpkeet hingje, kiest Tieme fol oertsjûging foar it gemeentehûs yn Damwâld. 🏛️

​As FNP binne wy ûnbidich grutsk op dizze stap. Tieme rint al jierren mei yn de politike besunigens – fan it yntsjinjen fan petysjes as 16-jierrige oant no it bestjoeren fan ús moaie gemeente. Mei syn passy foar ús Fryske taal en kultuer, en syn jonge, frisse blik, is hy in oanwinst foar it hiele kolleezje.

​"Dan mar wat stúdjefertrahing. Want dy kâns komt mar ien kear." – Tieme Heeringa

​Tieme, in soad súkses en wille tawinske yn dyn nije rol! Wy steane achter dy. 👊

​

𝗧𝗶𝗲𝗺𝗲 𝗛𝗲𝗲𝗿𝗶𝗻𝗴𝗮 𝗯𝗲𝗲̈𝗮𝗴𝗲 𝗙𝗡𝗣-𝘄𝗲𝘁𝗵𝗮̂𝗹𝗱𝗲𝗿 𝘆𝗻 𝗗𝗮𝗻𝘁𝘂𝗺𝗮𝗱𝗶𝗲𝗹Hjoed is bekend wurden dat Tieme Heeringa fan Damwâld de beëage weth...
16/05/2026

𝗧𝗶𝗲𝗺𝗲 𝗛𝗲𝗲𝗿𝗶𝗻𝗴𝗮 𝗯𝗲𝗲̈𝗮𝗴𝗲 𝗙𝗡𝗣-𝘄𝗲𝘁𝗵𝗮̂𝗹𝗱𝗲𝗿 𝘆𝗻 𝗗𝗮𝗻𝘁𝘂𝗺𝗮𝗱𝗶𝗲𝗹

Hjoed is bekend wurden dat Tieme Heeringa fan Damwâld de beëage wethâlder is foar de FNP yn Dantumadiel. Heeringa is mei syn 20 jier mooglik de jongste wethâlder foar de FNP, Fryslân en Nederlân ea.

De FNP ûnderhannelt op dit stuit mei trije oare partijen yn de gemeente Dantumadiel (Gemeentebelangen Dantumadiel, Sociaal Link en de SGP) om te kommen ta in akkoart.

Moai nijs út de riedseal!Woansdei binne Tieme, Durk en Antsje Richt offisjeel beëdige as riedslid en stipefraksjeleden f...
03/04/2026

Moai nijs út de riedseal!

Woansdei binne Tieme, Durk en Antsje Richt offisjeel beëdige as riedslid en stipefraksjeleden foar FNP Dantumadiel.

In moai momint foar de fraksje en it begjin fan in nije perioade fol ynset foar ús prachtiche gemeente.

​Wy ha der sin yn om ús de kommende tiid wer hurd te meitsjen foar de mienskip.

​Op nei in goede gearwurking! 💐

𝐎𝐟𝐬𝐤𝐢𝐞𝐝 â𝐥𝐝𝐞 𝐫𝐢𝐞𝐝⁣⁣Jûn hat de Ried ôfskied nommen fan ferskate leden. Ek Jouke Jan slút syn perioade as FNP-riedslid ôf....
31/03/2026

𝐎𝐟𝐬𝐤𝐢𝐞𝐝 â𝐥𝐝𝐞 𝐫𝐢𝐞𝐝⁣
⁣
Jûn hat de Ried ôfskied nommen fan ferskate leden. Ek Jouke Jan slút syn perioade as FNP-riedslid ôf.⁣
⁣
Ut namme fan it bestjoer ha wy him betanke foar syn ynset en miening op mominten dat it der ta die.⁣
⁣
Wy winskje him it bêste foar wat hjirnei komt!

25/03/2026

🎥 𝐃𝐮𝐢𝐝𝐢𝐧𝐠 𝐟𝐚𝐧 𝐝𝐞 𝐟𝐞𝐫𝐤𝐢𝐞𝐳𝐢𝐧𝐠𝐬ú𝐭𝐬𝐥𝐚𝐜𝐡

De útslach is dúdlik: de FNP hat 1 sit yn de ried. 645 minsken yn Dantumadiel hawwe harren fertrouwen yn ús útsprutsen.

Dat is net samar in getal. Dat binne 645 stimmen foar:
• ús doarpen
• ús lânskip
• ús taal en identiteit
• en foar in polityk dy’t ticht by de minsken stiet

Dy stipe jout ús net allinnich in plak yn de ried, mar foaral in dúdlik mandaat.

💬 “𝘐𝘵 𝘨𝘪𝘦𝘵 ú𝘴 𝘯𝘦𝘵 𝘰𝘮 𝘱𝘰𝘴𝘺𝘴𝘫𝘦𝘴, 𝘮𝘢𝘳 𝘰𝘮 𝘳𝘦𝘴𝘶𝘭𝘵𝘢𝘵𝘦𝘯.”

De FNP is miskien lyts yn tal, mar dúdlik yn rjochting. Wy steane klear om ús ferantwurdlikens te nimmen – yn hokker rol dan ek. Koalysje of opposysje.

Wy sille oan’e slach. En lykas sein is yn de ried:
👉 “𝘮𝘦𝘪 𝘴𝘪𝘻𝘻𝘦𝘯 𝘪𝘴 𝘪𝘵 𝘯𝘦𝘵 𝘵𝘦 𝘥𝘸𝘢𝘢𝘯.”

Dêrom sille wy ús de kommende jierren mei f***e krêft ynsette foar hiel Dantumadiel!

𝐓𝐚𝐧𝐤 𝐟𝐨𝐚𝐫 𝐣𝐢𝐦 𝐬𝐭𝐢𝐦! 🗳️⁣⁣⁣⁣​In grut wurd fan tank oan al ús kiezers en frijwilligers yn Dantumadiel!⁣⁣Mei jim stipe hawwe...
19/03/2026

𝐓𝐚𝐧𝐤 𝐟𝐨𝐚𝐫 𝐣𝐢𝐦 𝐬𝐭𝐢𝐦! 🗳️⁣⁣
⁣⁣
​In grut wurd fan tank oan al ús kiezers en frijwilligers yn Dantumadiel!
⁣⁣
Mei jim stipe hawwe wy ien sit helle en kinne wy ús plannen foar de gemeente fierder útwurkje.⁣⁣
⁣⁣
​Wy sjogge der nei út om de kommende perioade it ferskil te meitsjen yn de ried. ⁣⁣
⁣⁣
Tegearre foar ús mienskip! 🤝

Wa wit it bêste wat goed is foar Dantumadiel? Wy sels! 👊Kies hjoed foar in in partij dy’t tichtby de minsken stiet en ha...
18/03/2026

Wa wit it bêste wat goed is foar Dantumadiel?
Wy sels! 👊

Kies hjoed foar in in partij dy’t tichtby de minsken stiet en harket nei wat der spilet yn de strjitte.

​Gean hjoed nei de stimbus en stim FNP!

De stim fan Dantumadiel. ✅

17/03/2026

Address

Hynsteblom 4

9104 BR

Alerts

Be the first to know and let us send you an email when FNP Dantumadiel posts news and promotions. Your email address will not be used for any other purpose, and you can unsubscribe at any time.

Shortcuts

  • Want your organization to be the top-listed government service?

Share